Spoeddebat kommunikaasje AZC

“Der binne in protte fragen steld, mar der kamen gjin antwurden.”

De ynformaasjefoarsjenning fan kolleezje nei ried oangeande de eventuele komst fan in AZC oan de Troelstrawei yn Ljouwert wie reden foar de 6 opposysjepartijen in ekstra riedsgearkomste oan te freegjen. Dit hie net it winske effekt, antwurden bleaune út.

Christenunie, VVD, LIJST058, D66, FvD en FNP tsjinnen dêrom in moasje yn wêrmei't sy it kolleezje safier besocht te krijen om alle fragen dochs noch skriftlik te beantwurdzjen. Dy moasje helle it net: de koälysje stimde tsjin.
 
"It frjemde is dat boargemaster Buma tasein hat de moasje útfiere te kinnen, mar de eigen koälysjepartijen stimme tsjin. Yn myn eagen hat de koälysje fan de gemeente Ljouwert gjin betrouwen yn harren eigen kolleezje, sa liket it. Ik draai al mear as 20 jier mei, mar dit ha ik noch nea meimakke," seit Jan-Willem Tuininga.
 
Uteinlik is der dochs tasein dat it kolleezje wurkje sil oan it ferbetterjen fan de kommunikaasje nei de ried ta.

Fierder lêze dochst by de Omrop.


2023 FNP Fryslân - Disclaimer