Gemeenteried op lokaasje

"Dizze minsken hawwe dy stip op de hoarizon noadich" (Janneke de Boer)

Frysk | Tichtby en fan ûnderen op

It wiene juster de tema's yn Mantgum, dêr't de Ljouwerter gemeenteried foar 't earst yn jierren op lokaasje fergadere oer de bouplannen fan CPO Mantgum. Gemeenteriedsleden krigen middeis opnij ynsjoch yn de plannen, jûns wie der romte foar ynsprekkers. Tolve belutsenen makken hjir gebrûk fan. Nei dizze ynformative gearkomste folge it debat fan de gemeenteried en eintsjebeslút krige it plan grien ljocht.

Janneke: "Wenje en libje op in doarp kin ienfâldich wêze, ienridich de skouders derûnder en gewoan dwaan. Mar somtiden ek yngewikkeld: Alde patroanen, nije sjenswizes en fêstruske ideeën. It komt op alle doarpen foar, mar úteinlik moatte je nei eltse ûntwikkeling mei je allen wer dat pilske drinke kinne op ‘e merke. Wethâlder, al dizze minsken hawwe no dy stip op de hoarizon noadich."


Nederlands | Dichtbij en van onderop
Dat waren de thema's gisteren in Mantgum, de Ljouwerter gemeenteraad vergaderde daar namelijk voor het eerst sinds jaren op locatie, ditmaal over de bouwplannen van CPO Mantgum. Gemeenteraadsleden werden 's middags opnieuw voorgelicht over de plannen, 's avonds was er tijd en ruimte voor insprekers. Twaalf betrokkenen maakten hier gebruik van. Na deze informatieve bijeenkomst volgde het debat van de gemeenteraad en kreeg het plan uiteindelijk groen licht.

Janneke: "Wenje en libje op in doarp kin ienfâldich wêze, ienridich de skouders derûnder en gewoan dwaan. Mar somtiden ek yngewikkeld: Alde patroanen, nije sjenswizes en fêstruske ideeën. It komt op alle doarpen foar, mar úteinlik moatte je nei eltse ûntwikkeling mei je allen wer dat pilske drinke kinne op ‘e merke. Wethâlder, al dizze minsken hawwe no dy stip op de hoarizon noadich."

 

289531323 572965657573422 230414523560823819 n

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer