Wurkbesite Hounspolder

"It is en bliuwt in unyk gebiet." (Janneke de Boer)

FRYSK | Wurkbesite
Op útnûging fan Milieudefensie Fryslân, fûgelwacht Ljouwert en de mûnestifting wiene wy juster op wurkbesite yn de Hounspolder, want "De Hounspolder is, zo in het voorjaar, prachtig!"

Mei neisoargers, boppeneamde organisaasjes, de Friese Milieu Federatie en twa riedsleden giene wy it wiete fjild yn. Yn de reinbui wiene greidefûgels en piken goed ferstoppe, dochs hearden wy se lûd en dúdlik roppen. It is en bliuwt in unyk gebiet yn gemeente Ljouwert: Op dit stuit sitte der 30 briedpearen fan de skries op 8 bunder (hectare), tsjinoer 50 briedpear yn de folsleine gemeente Ljouwert.
Ek fynst der ljippen, tsjirken, smjunten, strânljippen, bercheinen, boumantsjewipsturten, kluten, reidsjongers en foarich jier binne der sels otters waarnommen.

 

FNP Ljouwert bliuwt by har stânpunt: 300plus huzen deun njonken de Hounspolder? As FNP bliuwe wy hjir poer op tsjin. Bouwe dogge je net tsjin sa'n moai natoergebiet oan.

 

NEDERLANDS | Werkbezoek
Op uitnodiging van Milieudefensie Fryslân, Vogelwacht Leeuwarden en de molenstichting waren we gisteren op werkbezoek in de Hounspolder, want "De Hounspolder is, zo in het voorjaar, prachtig!"
Met nazorgers, bovengenoemde organisaties, de Friese Milieu Federatie en twee raadsleden gingen wij het natte veld in. In de welkome regenbui waren weidevogels en kuikens goed verstopt, toch hoorden we ze luid en duidelijk roepen. Het is en blijft een uniek gebied in gemeente Ljouwert: Op dit moment zitten er 30 broedparen van de grutto op 8 hectare, tegenover 50 broedpaar in de volledige gemeente Ljouwert.

Ook vind je er kieviten, tureluurs, smienten, scholeksters, bergeenden, kwikstaarten, kluten, rietzangers en vorig jaar zijn er zelfs otters waargenomen.

FNP Ljouwert blijft bij haar standpunt: 300plus huizen vlak naast de Hounspolder? Als FNP blijven wij hier fel op tegen. Bouwen doe je niet tegen zo'n mooi natuurgebied aan.
Hounspolder 11 05 2022 1



2022 FNP Fryslân - Disclaimer