Natoerûnderwiis

Natoer is oeral om ús hinne en begjint gewoan al ast de doar útstapst. Natoer- en miljeu edukaasje sintrum De Klyster lit bern al 26 jier lang yn de kunde komme mei álle siden fan natoer en miljeu. It sintrum yn Damwâld wurdt sûnt 20 jier stjoerd troch Marjolein Staal fan Weidum. Om't wy FNP'ers sels graach mei beide fuotten yn de klaai steane, binne wy benijd nei it geheim achter dizze suksesformule en docht Staal ús út de doeken watfoar ympakt sa'n sintrum hat.

"Jou ús bern strukturiel bûten-natoerûnderwiis!" (Janneke de Boer)

Natoerûnderwiis

By binnenkommen trunet Staal ús fuortdaliks mei: "Sjoch, dit binne ús gloednije hommelkasten; 16 basisskoallen krije dit jier in hommelkast mei folk én in keninginne. Bern leare sa wat der noadich is foar it ynstân hâlden fan in hommelfolk. Se bringe de bewegings yn kaart en siedzje de omjouwing yn. Wy slingerje as edukaasjesintrum de bern gjin grutte klimaatproblemen om de earen, mar begjinne altyd lyts en taastber. En boppedat altyd tichtby hûs. Troch bern yn kontakt te bringen mei de natoer om har hinne, sieddest in kymke dat letter útgroeit ta in bewustwêzen. Troch natoerûnderwiis yn te setten hoechst net mei in finger te wizen, mar fielt jongerein it wannear't sy letter bygelyks in frisdrankblikje yn de berm goaie. Dat fielt dan toch echt net goed mear."

 

De Klyster

It sintrum hat de beskikking oer 15 frijwilligers, in tal profesjonele projektmeiwurkers en twa fêste meiwurkers, wêr't Staal der ien fan is. Sy sette harren, yn opdracht fan de gemeentes Dantumadiel en Noardeast-Fryslân, yn foar in grien, sûn en duorsum Noardeast-Fryslân. It program bestiet ûnder oare út gast- en dochlessen en ekskurzjes, mar dat is net alles leit Staal út: "Wy ûntwikkelje sels in protte materiaal, mar ek de aktiviteiten, de lespakketten, de leskisten. Op dy wize nimme wy it ûnderwiis in protte wurk út hannen en sa jouwe we mei-mekoar kwalitatyf heechweardich en duorsum natoerûnderwiis. It sukses sit yn de gearwurking tusken de skoallen en ús. Mar ek yn it lytse, it taastbere. As edukaasjesintrum begripe wy hoe't bern it measte út dizze natoerlessen helje kinne."

 

Dreame
Staal sjocht de ympakt fan natoerûnderwiis: "Bûten nut en needsaak bringt natoerûnderwiis ek rykdom, bliidskip. It jout kleur oan in regio. Mei NME ha gemeenten in ynstrument yn hannen om bern te belûken by grutte tema's sa as bygelyks bioferskaat en sirkulariteit. Al ús aktiviteiten ha ien op ien mei duorsum gemeentebelied út te stean. Wy binne hjir noch lang net klear, we hawwe noch safolle plannen dy't wy wier meitsje wolle."

Troch ferskate omstannichheden, mar ek troch in snelle digitale wrâld, hawwe lang net alle bern de mooglikheid om deistich de fuotten yn de sprekwurdlike klaai te setten. FNP Ljouwert fynt it in grut gemis dat bern gjin strukturiel bûten-natoerûnderwiis krije, wêrby de bern de natoer sels ûntdekke en belibje kinne. As FNP wolle wy dit yn gemeente Ljouwert feroarje. Ynkoarten lêst dêr yn in longread op ús socials en ljouwert.fnp.frl alles oer.

Troch Hinke Roorda & Janneke de Boer FNP | Kandidaat-riedsleden gemeente Ljouwert

 

FNP 2 2021 pdf grafie147

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer