Wa't neat seit, praat net mei

"Dyn stim yn de polityk is belangryk. It belied wat troch grutte minsken betocht wurdt, hat streekrjocht ynfloed op dyn libben no én letter. Dy folwoeksenen sjogge de saken soms folslein oars as dy. Do hast no en skylk oare belangen."

Yn de nijste Op ‘e Skille weidet Gerben van Snits in hiele side oan jongerein & polityk. Pier Visser (27, Snits, PVDA Súdwest-Fryslân), Franke Smink (21, Winsum, VVD Waadhoeke), Habtamu de Hoop (23, Wommels, PVDA Twadde Keamer), Anneke Hofstee (29, Easterein, FNP Súdwest-Fryslân), Hessel Yntema (25, Jellum, FNP Ljouwert) en Janneke de Boer (39, Weidum, FNP Ljouwert) fertelle oer harren driuwfearren en de belangrike tema's foar de jongerein fan hjoed en moarn. 

Wêrom FNP Fryslân?
Op dit stuit beslist net de jongerein, mar beslist men oer de jongerein. Dat moat oars en dat kin oars. Slút dy oan by de gesellichste en meast jeugdige partij fan Fryslân en praat mei!
De FNP stiet pal foar Fryslân. Wolsto meiprate oer dyn wenplak en omjouwing? Wurd dan fergees lid. By de FNP betelje leden oant 22 jier gjin ledenjild. Is it net geweldich?!  Wurd ek lid!

 

Op e Skille jongerein

Janneke de Boer (kandidaat-riedslid FNP Ljouwert en lid haadbestjoer FNP Fryslân) oer it belang fan jongerein yn de lokale polityk: "De clowns yn De Haach, dêr hast it wol mei hân en oer de gemeentlike polityk witst ek net it measte. Dochs rekket de lokale polityk dy as jongere ek: Net mear de nacht út karbydsjitte meie, drege fergunningoanfragen skriuwe foar it doarpsfeest, brekst dy de bonken oer bryklizzende stoeptegels en wêr kinst oer in pear jier wenje? Troch dy te ferbinen oan in lokale partij hast direkt ynfloed op it gemeentlike belied."


Ah jonge nee juh, dát is neat foar my!
 "De stim fan jongeren is belangryk. It belied wat troch grutte minsken betocht wurdt, hat streekrjocht ynfloed op dyn libben no én letter. Dy folwoeksenen sjogge de saken soms folslein oars as dy. Do hast no en skylk oare belangen. As foarbyld de klimaatferoaring; út wrâldwiidûndersyk docht bliken dat leafst 70% fan de minderjierrigen dit as in wrâldwide needsitewaasje sjocht. Wylst âlderen harren by dit ûnderwerp krekt soargen meitsje oer de kosten foar de boarger, of it probleem eins net echt sjogge. Om balâns te kreëarjen yn de lokale polityk moat jongerein har stim hearre litte. Wa't neat seit praat net mei. Want at der wat feroaret, benammen yn it negative, fernimst dat echt wol hear."

Dêr ha'k hielendal gjin tiid foar!
"De earste stap dy'tst sette kinst is lid wurde fan in partij. Dat kostet dy echt net it measte en al hielendal gjin tiid. Leuker is it om de ideeën fan dy en de minsken om dy hinne yn te bringen by de fraksje fan dyn partij yn de gemeenteried. Bûten de ynfloed dy'tst sa útoefenje kinst, groeist der as persoan ek fan. Dyn feardichheden groeie, do learst nije minsken kennen en fan it iene komt it oare. Fansels kostet it tiid ast dy echt ynsette wolst, mar mei in doel foar eagen kin dat gjin probleem wêze."

Wat binne myn opsjes dan..?
"Sa'k sei, kinst lid wurde fan in partij. Mar binnen politike partijen binne der ek jongereinôfdielings, kinst dielnimme yn kommisjes, skaadfraksjes of bestjoeren. Kinst der gewoan kalm oan yngroeie troch op polityk of bestjoerlik mêd dingen te dwaan dy'tst leuk fynst en dêrsto goed yn bist. Wa wit wêr't it dy bringt!"



2022 FNP Fryslân - Disclaimer