Eefkes foarstelle: 1 fan 10

Fan taksysjauffeur oant dosint, fan studint oant badmaster; moetsje ús nûmers 10 oant en mei 1! De kandidaten op ús advyslist foar de gemeenteriedsferkiezings komme rûnom wei; fan Grou oant Stiens en fan Mantgum oant Koarnjum. Sy stelle harren hjir graach oan jimme foar:

FRYSK | 1. Jan-Willem Tuininga (54), Stiens

"Al hiel wat jierren draai ik mei yn de lokale polityk, earst wat perioades yn Ljouwerteradiel en de ôfrûne fjouwer jier yn de gemeente Ljouwert. En de útdaging om wat te betsjutten foar de mienskip is noch lang net ôfnommen. Mei de ynset fan hiel ús fraksje en skaadfraksje hawwe wy de lêste fjouwer jier dúdlik makke dat de FNP derta docht yn dizze gemeente. Út de sawat daaglikse telefoantsjes en mails dy't wy krije docht bliken dat in soad minsken, ferienings mar ek ûndernimmers faak fêstrinne yn de gemeentlike burokrasy. Mei dit punt hawwe wy as fraksje in soad minsken helpe kinnen en sille dit seker dwaan bliuwe. Mar ek de reaksjes oer it grienûnderhâld, minne wegen en fytspaden, te min wenten foar jong en âld op de doarpen fan ús gemeente, it earmoedebelied en de ynfier fan it DIFTAR-systeem binne foar ús as fraksje in dúdlik signaal dat de ynwenners fan gemeente Ljouwert net tefreden binne mei it hjoeddeistige belied yn ús gemeente. En dat moat oars! 

As FNP wolle wy dat ús ynwenners folle mear heard wurde en fine dat sy mear ynfloed krije moatte op wichtige besluten yn ús gemeente." 

 

NEDERLANDS | 1. Jan-Willem Tuininga (54), Stiens

"Al vele jaren draai ik mee in de lokale politiek, eerst enkele periodes in Ljouwerteradiel en de afgelopen vier jaar in de gemeente Ljouwert. En de uitdaging om iets te betekenen voor de gemeenschap is nog lang niet afgenomen. Met de inzet van onze fractie en schaduwfractie hebben wij de afgelopen vier jaar duidelijk gemaakt dat de FNP ertoe doet binnen deze gemeente. Dagelijkse telefoontjes en mails laten zien dat veel inwoners, verenigingen maar ook ondernemers vastlopen in de gemeentelijke bureaucratie. Met dit punt hebben wij als fractie veel mensen kunnen helpen, iets wat wij zeker blijven doen. Daarnaast zijn de meldingen over het groenonderhoud, de slechte wegen, het tekort aan woningen op de dorpen, het armoedebeleid en de invoering van het DIFTAR-systeem voor ons als fractie een helder signaal dat de inwoners van gemeente Ljouwert niet tevreden zijn met het huidige beleid in onze gemeente. Dit moet anders! 

Als FNP willen wij dat onze inwoners meer gehoord worden en vinden wij dat ze meer invloed moeten krijgen bij belangrijke beslissingen binnen de gemeente." 

 

Jan Willem

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer