Eefkes foarstelle: 2 fan 10

Fan badmaster oant dosint, fan studint oant badmaster; moetsje ús nûmers 10 oant en mei 1! De kandidaten op ús advyslist foar de gemeenteriedsferkiezings komme rûnom wei; fan Mantgum oant Koarnjum en fan Stiens oant Grou. Sy stelle harren hjir graach oan jimme foar:

FRYSK | 2. Lyda Veldstra-Lantinga (65), Grou

"Opnij stel ik my kandidaat foar in riedsit foar de FNP foar de gemeenteried fan gemeente Ljouwert. Sûnt 2014 meitsje ik al diel út fan de gemeente Ljouwert en troch de romme ûnderfining fan de eardere gemeente Boarnsterhim wer't ik ek riedslid wie kin ik dit yn praktyk bringe. Doarp en stêd kinne elkoar fersterkje docht no bliken. Op maatskiplik mêd ha ik my ûnder oare 30 jier ynsetten foar it Jopie Huisman museum. In oar bysûnder barren wêr't ik by belutsen wie, wie de tentoanstelling ‘Leven achter de muur' by de bunker yn Grou. Mei it ferdwinen fan de Wijd & Zijd, kaam der nei 32 jier in ein oan dizze wurksemheden. Tsjintwurdich wurkje ik parttime foar it magazine Middelpunt." 

 

De kommende 4 jier wol ik my ynsette foar: 

  • Eltsenien docht mei/eltsenien kin meidwaan
  • Mear omtinken foar it Frysk én it Liwwadders
  • Better belied foar leechletterens
  • Goede tagonklikens stêd en doarp
  • Feiligere fytsferbinings tusken stêd en doarpen
  • Keunst en kultuer hawwe foar my in hege prioriteit

 

NEDERLANDS | 2. Lyda Veldstra-Lantinga (65), Grou

"Opnieuw stel ik mij kandiaat voor een FNP raadszetel binnen de gemeenteraad van gemeente Leeuwarden. Sinds 2014 maak ik al deel uit van de gemeente Leeuwarden, doordat ik in Boarnsterhim ook raadslid was neem ik veel ervaring mee die ik in de praktijk kan brengen. Dorp en stad blijken elkaar nu toch te kunnen versterken. Op maatschappelijk vlak heb ik mij onder meer 30 jaar ingezet voor het Jopie Huisman museum. Een ander bijzonder project waar ik bij betrokken was, was de tentoonstelling ‘Leven achter de muur', bij de bunker in Grou. Met het verdwijnen van de Wijd & Zijd kwam er na 32 jaar een einde aan deze werkzaamheden. Tegenwoordig werk ik als parttimer voor het magazine Middelpunt." 


De komende 4 jaar wil ik mij inzetten voor: 

  • Iedereen doet mee/iedereen kan meedoen
  • Meer aandacht voor het Frysk én voor het Liwwadders
  • Beter beleid voor laaggeletterdheid
  • Goede toegankelijkheid stad en dorp
  • Veiligere fietsverbindingen tussen stad en dorp
  • Kunst en cultuur hebben voor mij een hoge prioriteit

 

2 Lyda Veldstra Lantinga

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer