Eefkes foarstelle: 3 fan 10

Fan studint oant dosint, fan taksysjauffeur oant badmaster; moetsje ús nûmers 10 oant en mei 1! De kandidaten op ús advyslist foar de gemeenteriedsferkiezings komme rûnom wei; fan Ljouwert oant Mantgum en fan Grou oant Stiens. Sy stelle harren hjir graach oan jimme foar.

FRYSK | 3. Hinke Roorda (65), Ljouwert

"Gemeente Ljouwert is in wichtich part fan Fryslân, ek dêr moatte de ynwenners harren heard fiele en stipe wurde. Om dit te berikken wol ik my ûnder oare ynsette foar in hechte mienskip, mei goed wurkjende doarps- en mienskipssintra. Dizze sintra moatte it hert fan de doarpen en wiken wêze én bliuwe, it plak dêr't men byinoar komt en der foar elkoar wêze kin. Myn libben begûn yn Húzum, as famke fan Fryske âlden. Sy joechen my de leafde foar Fryslân, foar har moaie natoer, de gewoanten, de kultuer en de minsken dy't hjir wenje. Ik ha fan harren leard dêr grutsk en sunich op te wêzen. Myn libbenspaad brocht my sawol op de doarpen as yn de stêd, mei dy ûnderfining kin ik goed meilibje yn de gefoelens fan de minsken dy't dêr libje. Dat is wêr't ik de kommende perioade foar stean wol, tichtby de minsken en yn gearwurking mei de ynwenners. Mei 4 jier ûnderfining as riedslid yn Littenseradiel en 4 jier ûnderfining as fraksjemeiwurker binnen FNP Ljouwert nim ik in protte kunde mei." 

 

NEDERLANDS | 3. Hinke Roorda (65), Ljouwert

"Gemeente Leeuwarden is een belangrijk onderdeel van Fryslân, ook hier moeten de inwoners haar gehoord voelen en ondersteund worden. Om dit te bereiken wil ik mij onder meer inzetten voor een hechte gemeenschap, met goed functionerende dorps- en wijkcentra. Deze centra moeten het hart van de dorpen en wijken zijn én blijven, de plek waar men samenkomt en er voor elkaar kan zijn. Mijn leven begon in Huizum, als dochter van Friese ouders. Van hen kreeg ik de liefde voor Fryslân, haar prachtige natuur, de gewoontes, de cultuur en de mensen die hier wonen mee. Van hen leerde ik hier trots op en spaarzaam mee te zijn. Mijn levenspad bracht mij zowel in de dorpen als in de stad, die ervaring zorgt ervoor dat ik de gevoelens die binnen de gemeente leven goed kan invoelen. Dat is waar ik de komende periode voor wil staan, dichtbij de mensen en in samenwerking met de inwoners. Dankzij 4 jaar ervaring als raadslid in voormalig Littenseradiel en 4 jaar ervaring als fractiemedewerker binnen FNP Ljouwert neem ik een schat aan ervaring mee." 

 

Hinke

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer