Eefkes foarstelle: 4 fan 10

Fan badmaster oant dosint, fan taksysjauffeur oant ûndernimmer; moetsje ús nûmers 10 oant en mei 1! De kandidaten op ús advyslist foar de gemeenteriedsferkiezings komme rûnom wei; fan Weidum oant Koarnjum en fan Stiens oant Grou. Sy stelle harren hjir graach oan jimme foar:

FRYSK | 4. Janneke de Boer (39), Weidum

"Myn boadskip foar gemeente Ljouwert? Stopje mei dat sjerperige gedoch, fuort mei dy aaklik lange fergunningoanfragen. Jou betrouwen oan de ynwenners. Set krekt lykas ús de fuotten yn (Littenseradielster ) klaai en brûk it sûn boereferstân. Ik wenje al myn hiele libben yn Weidum, op doarpen as uzes krije je fan bernetiid ôf mei hoe wichtich gearwurkjen is. Ik bedarre al rillegau yn ferskate bestjoeren, dit begûn as Spulwikelieding oant it FNP haadbestjoer no. De gefolgen fan gemeentlike besluten foar it ferieningslibben en ús mienskippen fiel ik fan tichtby. Dernjonken; je hoege net 𝘣𝘺 𝘋𝘰𝘬𝘬𝘶𝘮 𝘰𝘮, om saken foar elkoar te krijen. Dat kin stikken ienfâldiger. Ik bin oplieden ta aktiviteitenbegelieder mar wurkje no as marketingmeiwurker by in ferhierbedriuw en ik skriuw, ûnder oare foar de Keats! Myn grutte leafde is de Weidumer fanfare, dêr't ik al 30 jier mei in hiele protte wille lid én (tsjintwurdich) foarsitter bin. Kultuer yn brede sin is ûnmisber foar ús, as minske. Belangryk yn de ûntwikkeling fan bern en jongerein. In sosjaal ferbinende faktor op ferskillende flakken ek."

  • Huzen op it plak wêr't ús hert leit
  • Mear foech foar ynwenners
  • Hert foar taal, muzyk & keunst
  • Sûn ferstân by oanpassings yn it lânskip

NEDERLANDS | 4. Janneke de Boer (39), Weidum
"Mijn boodschap voor gemeente Ljouwert? Stop met die stroperigheid, laat die ellenlange vergunningaanvragen achterwege. Schenk de inwoners vertrouwen. Zet net als ons de laarzen in de (Littenseradielster ) klei en gebruik het gezond boerenverstand. Al mijn hele leven woon ik in Weidum, op dorpen als deze leer je van jongs af aan het belang van samenwerken. Ik belandde al snel in verschillende besturen, dit begon als Spulwikeleiding tot het FNP-hoofdbestuur nu. De gevolgen van gemeentelijke besluiten voor het verenigingsleven en onze gemeenschappen voel ik van dichtbij. Daarnaast; je hoeft niet 𝘣𝘪𝘫 𝘋𝘰𝘬𝘬𝘶𝘮 𝘰𝘮, om dingen gedaan te krijgen. Dat kan echt eenvoudiger. Ik ben opgeleid tot activiteitenbegeleider maar werk tegenwoordig als marketingmedewerker bij een verhuurbedrijf en ik schrijf, onder andere voor de Keats! Mijn grote liefde is de Weidumer fanfare, waar ik al 30 jaar met heel veel plezier lid en (tegenwoordig) voorzitter ben. Cultuur in brede zin is onmisbaar voor ons, als mensen. Belangrijk in de ontwikkeling van kinderen en jongeren. Een sociaal verbindende factor ook op meerdere terreinen."

  • Woningen daar waar ons hart ligt
  • Meer bevoegdheden voor inwoners
  • Hart voor taal, muziek & kunst
  • Gezond verstand bij landschappelijke aanpassingen
Fotot Janneke voor Multimedia


2022 FNP Fryslân - Disclaimer