Eefkes foarstelle: 5 fan 10

Fan badmaster oant dosint, fan taksysjauffeur oant ûndernimmer; moetsje ús nûmers 10 oant en mei 1! De kandidaten op ús advyslist foar de gemeenteriedsferkiezings komme rûnom wei; fan Mantgum oant Koarnjum en fan Stiens oant Grou. Sy stelle harren hjir graach oan jimme foar:

FRYSK  | 5. Bauke Beert Keizer (33), Koarnjum

 "Myn namme is Bauke Beert, bin 33 jier en wenje yn it moaie Koarnjum. Ik wurkje as swimûnderwizer en ha sûnt 2016 myn eigen swimskoalle yn gemeente de Fryske Marren. Dêrneist wurkje ik yn it basisûnderwiis yn ús eigen gemeente. Yn myn frije tiid mei ik graach muzyk meitsje mei myn band en ik spylje wetterpolo by Swimferiening Orca Ljouwert. Dêrneist sit ik yn it bestjoer fan ferskate ferienings (feestbestjoer, toanielferiening en de iisklub) yn eigen doarp(en) om myn stientsje by te dragen oan de mienskip.

Myn persoanlike spearpunten:

-Mear romte foar de bern. Ik draai al in pear jier mei yn it ûnderwiis en ik sjoch spitigernôch te faak dat klassen te fol binne. 25 à 30 bern yn in romte fan 40 m² is hiel krap. Bern ha de romte nedich om te learen en te ûntdekken.

-Sport en beweging moat tagonkelik wêze foar eltsenien Minsken moatte bewege. Yn ús gemeente binne genôch faciliteiten en genôch ekspertise om eltsenien mear beweegje te litten. Ik soe hiel graach it skoalleswimmen wer werom ha yn it basisskoalle-programma. In healoerke swimmen is effektiver as in healoerke drave en boppedat fergruttet it de algemiene swimfeiligens. Mar ek foar de âlderein moat sport tagonkeliker wêze. Beweging is it bêste middel tsjin âlderdom en it is goed foar de sosjale kontakten.

-Mear omtinken foar de kulturele sektor Wy lústerje allegear nei muzyk, wy meie graach nei it teater en as de Reuzen komme dan wolle wy allegear foaroan stean. Kultuer ferbynt. En dochs wurdt de kultuersektor beheind troch besunigens en juridyske rompslomp. Skaaf ferdwynt en festivalorganisatoaren wurde tsjinwurke. Yn 2018 wie Ljouwert de kulturele haadstêd fan Europa. Wat is dêr noch fan oer?

-Net lulle, mar poetse! De polityk moat op ‘e skoffel. Ynstee fan mekoar de tinte út te fjochtsjen moat hja júst tegearre de skouders derûnder sette. Lústerje nei mekoar mar ek foaral nei de ynwenners fan ús gemeente. Wês belutsen by de mienskip en wit wat der yn de gemeente spilet. Doar as gemeente te dreamen, ha in fysje en sjoch dan wat mooglik is ynstee fan ferstrutsen reitsje yn regeltsjes en oare beheinings."

 

NEDERLANDS | 5. Bauke Beert Keizer (33), Koarnjum

"Mijn naam is Bauke Beert Keizer, ben 33 jaar en woon in het mooie Cornjum. Ik werk als zwemonderwijzer en heb sinds 2016 mijn eigen zwemschool in de gemeente de Fryske Marren. Daarnaast werk ik in het basisonderwijs in onze eigen gemeente. In mijn vrije tijd maak ik graag muziek met mijn band en speel ik waterpolo bij Zwemvereniging Orca Leeuwarden. Daarnaast zit ik in het bestuur van verschillende verenigingen (feestbestuur, toneelvereniging en de ijsclub) in eigen dorp(en) om mijn steentje bij te dragen aan de mienskip.

Mijn persoonlijke speerpunten:

-Meer ruimte voor kinderen. Ik draai al een paar jaar mee in het onderwijs en ik zie helaas te vaak dat klassen te vol zijn. 25 à 30 kinderen in een ruimte van 40 m² is erg krap. Kinderen hebben de ruimte nodig om te leren en te ontdekken.

-Sport en beweging moet toegankelijk zijn voor iedereen Mensen moeten bewegen. In onze gemeente zijn genoeg faciliteiten en genoeg expertise om iedereen meer te laten bewegen. Ik zou graag het schoolzwemmen weer willen invoeren in het basisonderwijs. Een half uurtje zwemmen is effectiever dan een half uurtje rennen en het vergroot bovendien de algehele zwemveiligheid. Maar ook voor ouderen moet sport toegankelijker zijn. Beweging is het beste middel tegen ouderdom en het is goed voor de sociale contacten.

-Meer aandacht voor de culturele sector We luisteren allemaal naar muziek, we vinden het leuk om naar het theater te gaan en als de Reuzen komen dan willen we allemaal op de voorste rij staan. En toch wordt de culturele sector geplaagd door bezuinigingen en juridische rompslomp. Schaaf verwijnt en festivalorganisatoren worden tegengewerkt. In 2018 was Leeuwarden de kulturele haadstêd van Europa maar wat is daar nog van over...?

-Net lulle mar poetse! De politiek moet op de schop. In plaats van elkaar de tent uit te vechten met mooie woorden moet men juist samen de schouders eronder zetten. Luisteren naar elkaar maar ook vooral naar de inwoners van onze gemeente. Wees betrokken bij de mienskip en weet wat er in de gemeente speelt. Durf als gemeente te dromen, creëer een visie en denk in mogelijkheden in plaats van te verdwalen in regeltjes en andere beperkingen."

Naamloos 1



2022 FNP Fryslân - Disclaimer