Irene van Breemen-Schneider giet fan partij 50PLUS oer nei FNP Ljouwert en nimt har riedssit mei nei de FNP.
Sy koe dizze kar meitsje om't fraksjefoarsitter Martin van Mourik ôfskied nimt fan de gemeenteried fan Ljouwert. Irene, as nûmer twa op de list fan 50PLUS, komt sadwaande yn byld as earste opfolger.
Dat Irene net sitten bliuwt foar de 50PLUS partij, hat te krijen mei ferskillen oan ynsicht en karakters yn dy partij. Mei har eigen wurden seit se: ‘Wanneer een huis innerlijk verdeeld is, zal dat huis geen stand houden'.
Oer de kar om har oan te sluten by de fraksje fan FNP Ljouwert jout se oan dat har stânpunten en idealen it bêste ta harren rjocht komme yn it partijprogram fan FNP Ljouwert.
Ek is se fan betinken dat se hjirmei better rjocht docht oan de goed 400 foarkarsstimmen dy't se by de ôfrûne gemeenteriedsferkiezings helle hat.
De fraksje fan FNP Ljouwert is tige wiis mei de kar fan Irene en is bliid dat de fraksje fersterke wurdt mei in kundige en posityf ynstelde kollega.
Irene is lid fan de FNP en hat it partijprogram ûnderskreaun.