Mear jild foar muzykferieningen yn Ljouwert

De FNP yn Ljouwert wol dat der struktureel mear jild nei de muzykkorpsen giet. De riedsfraksje sil har ynsette foar de sechstjin muzykferieningen dy't ûnder de SML (Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden) falle. Dy moatte neffens de FNP struktureel mear finansjele stipe krije.

"FNP Mear jild foar muzykferieningen yn Ljouwert" (Omrop Fryslan)

De ferieningen hawwe al meardere kearen oanjûn dat se te min jild hawwe om goed kwalitatyf muzykûnderwiis te jaan. Dat hawwe se ek oanjûn yn in reaksje op de nije kultuernota 2021-2028.

 

 

musyk instrument

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De FNP yn Ljouwert fynt dat de muzykferieningen in binende funksje hawwe yn de mienskip. Sy sille mei in moasje komme by de kommende behanneling fan de MTR (Mid Term Review) fan de gemeente Ljouwert. 



2020 FNP Fryslân - Disclaimer