Ljouwert, striid tsjin de ferhierdersheffing

Us plattelâddn en lytsere doarpen en stêden moatte kapitalen ôfdrage yn de ferhierdersheffing. It soe it bestjoer yn Ljouwert siere om solidêr mei it efterlân te wêzen en de striid oan te gean tsjin dizze beskamsume heffing.

"Ljouwert, striid tsjin de ferhierdersheffing!" (Jan-Willem Tuininga)

It is sa fier. As in oerwinning fierden guon partijen ferline wike woansdei dat in stik as wat stêden ek oanspraak meitsje meie op in jelmis út De Haach wei. Ien fan dy stêden is Ljouwert.

Jo witte it wol, dy stêd mei de nepdoarpen. De stêd dy't al jierren ús plattelân leech lûkt en dêr't omlizzende doarpen foar knibbelje moatte as it om wentebou giet. Lokkigernôch hawwe in pear doarpen út it eardere Menameradiel harren ferstân brûkt nei de weryndieling.

It giet hjir oer de ferhierdersheffing. In heffing oer de WOZ-wearde fan in hierwenning. Elts jier ferdwynt der sa mar leafst twa moanne oan hier. Dit moatte de wenningkoporaasjes ôfstean oan De Haach.

Yn totaal betellet Fryslân jierliks sa'n fjirtich miljoen euro oan de rânestêd. It regear pakt op dizze wize 1,7 miljard euro per jier en dielt no hjirfan hûndert miljoen euro wer út oan stêden mei ‘woningnood'.

 

 

Kampanje

 

 

It is beskamsum dat ús plattelân en lytsere doarpen en stêden kapitalen ôfdrage moatte en der neat fan werom krije. It kolleezje yn Ljouwert sil der mar wat wiis mei wêze.

De lobby fan it kolleezje wie sterk, mar allinnich rjochte op de ‘grutte' stêd. Jo meie fansels in kampanje allinnich foar de stêd fiere mar der is mear. Tink ek oan it leefber hâlden fan ús doarpen en it duorsum meitsjen fan de besteande wenningfoarried.

Underwilens binne der tal fan gemeenten en provinsjes dy't harren útsprekke tsjin dizze beskamsume heffing. Sels yn de ried fan Ljouwert is dêrta in moasje oannaam. De wethâlder hat him lykwols wat oars ynterpretearre. ,,Ik lees hem zo, dat wij een sterke lobby moeten voeren om ook aanspraak te maken op het potje." Mei ‘het potje' hat dizze wethâlder it oer de jelmis.

It soe it bestjoer yn Ljouwert siere om solidêr mei it efterlân te wêzen en no net de flage út te hingjen, mar mei te gean yn de striid. De striid foar in leefber Fryslân yn doarp, stêd en streek.

Dêrby kinne wy it jild fan de ferhierdersheffing hjir hiel goed sels brûke.

 

Jan-Willem Tuininga is fraksjefoarsitter fan de FNP yn Ljouwert 

Sijbe Knol is lid fan de Steate-fraksje fan de FNP. 

 

FD 22 novimber 2019 



2020 FNP Fryslân - Disclaimer