Fryslân: Fragen oer de sâltwinning yn Fryslân

FNP, SP, GL en PvdD meitsje har soargen oer lekkaazjes en skea troch de sâltwinning. Oanlieding om fragen te stellen. Yn Grinslân jildt no ekstra tafersjoch op de sâltwinning. Hoe sit dat yn Fryslân?

Yn Grinslân hat it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) de sâltwinning troch AkzoNobel ûnder ferskerpe tafersjoch steld. Dit fanwegen ûnder mear lekkaazjes fan de transportliedingen en fan de boarputten op de sâltkoepels sels. De SP Twadde Keamerfraksje hat hjir skriftlike fragen oer steld. Deselde problematyk docht him regelmjittich foar yn Twente. Yn 2017 is yn Tsjommearum de sâltwinning troch Frisia ek alris stillein fanwegen lekkaazje.

 

Ferskate kearen hat bliken dien dat de boaiemdelgong troch de mynbou yn Noardwest-Fryslân slimmer waard as earder fan útgien wie. Mei as gefolch dat der ekstra kosten makke wurde moasten foar maatregels oan de seedyk, de wetterhúshâlding en de ynfrastruktuer. De skea fan partikulieren yn it gebiet is noch hieltyd net nei tefredenheid oplost. De plende ferpleatsing fan de sâltwinning bûtendyks kin mooglik ek wer ûnferwachte effekten krije op partikuliere eigendommen yn Harns en omjouwing.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer