Logo FNP

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

Fryslân: Frijbûtser fan desimber no online - Nijjiersgearsit 6 jannewaris De Rottefalle

De FNP-ôfdieling Smellingerlân organisearret dit kear de nijjiersgearsit. Yn dit nûmer fierder it ferslach fan de ALG op 24 novimber en in soad oar nijs út de partij.

Henk de Vries docht ferslach fan de tige slagge EFA-enerzjykonferinsje 27 en 28 oktober yn Ljouwert. Yn de rubryk 'fan de leden' in artikel oer de nije FNP-ôfdieling Noardeast-Fryslân yn oprjochting. Der binne in soad nije FNP-leden. De Kaderkommisje organisearret moaie aktiviteiten foar de bining fan dy leden. Sa wie der lêsten in prachtige jûn op it Provinsjehûs yn gearwurking mei de Steatefraksje. In sfearfol ferslach fan Wijbe Postma.

 

Ynstjoerd in stik oer de Fryske skiednis yn it lân Wursten yn East-Fryslân. Partijfoarsitter Cees van Mourik sjocht koart werom op de weryndielingsferkiezingen fan 22 novimber. En fan de Steatefraksje it nijs fan de ôfrûne perioade: in kampanjedei op syn Bildts mei de Waadhoeke, de Fryske ûntwikkelings Maatskippij, nije skaadfraksjeleden, fragen oer glyfosaat, slagge moasjes oer duorsume enerzjy foar Fryslân, wynpark Nij Hiddum-Houw, de takomst fan De Friesland en de BTW op drinkwetter.

 

 

Taheakke: Frijbûtser 455 desimber 2017 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)