Logo FNP

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands
14-05-2018 - Fryslân: OSF: 'Ien op trije kiezers stimt lokaal'
Tiidskrift Locomotie fan ús OSF Earste Keamerfraksje stiet wer online. OSF-foarsitter Durk Stoker fertelt wêrom safolle kiezers op in ûnôfhinklike partij stimme.

11-05-2018 - Fryslân: Fragen oer ôffalprobleem ôfdankte molewjukken
De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Schrier fan miljeu oer it skealike komposyt ôffal fan ôfdankte wjukkken fan wynturbines.

10-05-2018 - Fryslân: Fragen oer de sâltwinning yn Fryslân
FNP, SP, GL en PvdD meitsje har soargen oer lekkaazjes en skea troch de sâltwinning. Oanlieding om fragen te stellen. Yn Grinslân jildt no ekstra tafersjoch op de sâltwinning. Hoe sit dat yn Fryslân?

21-04-2018 - Fryslân: Frijbûtser fan april no online
It haadbestjoer nûget de leden foar de Algemiene Ledegearkomste op 25 maaie. Wat der allegear te bepraten is stiet foar op dizze Frijbûtser.

16-04-2018 - Fryslân: FNP: Katalaanske politike finzenen frij
Landshut (Beieren) - De FNP hat op it jierlikse kongres fan Europarlemintspartij EFA yn Landshut in resolúsje stipe tsjin it steatsgeweld en de repressy yn Spanje. Dat hâldt ûnder oare yn dat opholden wurde moat mei polityk basearre rjochtssaken, dat fûnemintele minskerjochten net mear skeind wurde, dat politike finzenen frijlitten wurde moatte en dat demokratysk keazen Katalaanske parlemintsleden wer frij nei harren lân ta reizgje kinne.

13-04-2018 - Fryslân: Stipe foar FNP-moasjes op EFA-kongres 2018
Landshut (Beieren) - De moasje fan de FNP foar mear bioferskaat en earlik lean foar de boeren yn it nije Europeesk lânboubelied is unanym oannommen. Dat barde op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP sille Europarlemintariërs fan de EFA no oan de slach.

06-04-2018 - Fryslân: FNP: bioferskaat yn nij Europeesk lânboubelied
De FNP is fan miening dat yn it nije Europeesk lânboubelied (CAP) 2020 it bioferskaat yn de lânbou stimulearre wurde moat. De boeren moatte dêr in earlik ynkommen foar krije.

28-03-2018 - Fryslân: Fragen yn Steaten - Oergong gasputten fan NAM nei Vermilion
Wopke Veenstra: geane de ôfspraken mei de regio oer de gaswinning fan de NAM ien op ien oer nei Vermilion?

27-03-2018 - Fryslân: FNP en CDA: brûk tafaller Ofslútdyk foar ferbreedzjen slûs Koarnwertersân
Okkerdeis die bliken dat der in tafaller is fan 81 miljoen by de oanbesteging fan it wurk oan de Ofslútdyk. Steateleden Johan Tjalsma (CDA) en Klaas Fokkinga (FNP) tsjinje in moasje yn.

26-03-2018 - Fryslân: Jild Waadfûns behâlde foar de regio
Jild fan it Waadfûns moat ek nei 2026 beskikber bliuwe foar de regio. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. Steatelid Wopke Veenstra komt mei in moasje hjiroer yn de gearkomste fan 28 maart.

10-01-2018 - Fryslân: FNP: wat betsjut ‘maximale vermindering' gaswinning Grinslân foar Fryslân?
Binne der neist De Pein noch mear yllegale gaswinningen yn Fryslân? Dat wie de fraach dy't de FNP stelde yn de Steaten fan 27 septimber. Wat is it gefolch foar Fryslân fan de ‘maximale vermindering' fan de gaswinning út it Grinzer fjild dêr't minister Wiebes oer praat nei oanlieding fan de resinte ierdbeving? De partij lûkt mei skriftlike fragen by deputearre Schrier oan de belle.

19-12-2017 - Fryslân: FNP: fragen oer nije fertraging breedbân ynternet
Nei oanlieding fan berjochten op de sites fan Telecompaper en VerbindDrenthe wol de FNP witte oft it kloppet dat de oanlis fan fluch ynternet yn Fryslân opnij fertraging oprint

15-12-2017 - Ljouwert: Praathûs FNP op 15 decimber 2017
Woansdei 15 decimber o.s. sil it 9e praathûs fan de
FNP fraksje plakfine.

13-12-2017 - Fryslân: Frijbûtser fan desimber no online - Nijjiersgearsit 6 jannewaris De Rottefalle
De FNP-ôfdieling Smellingerlân organisearret dit kear de nijjiersgearsit. Yn dit nûmer fierder it ferslach fan de ALG op 24 novimber en in soad oar nijs út de partij.

07-12-2017 - Fryslân: Algemiene Skôgings OSF-FNP senator Hindrik ten Hoeve
Wol it nije kabinet dat de Provinsje weryndielingen trochdrukt tsjin it sin fan lytse gemeenten? Dy fraach stelde Ten Hoeve by de Skôgings yn de Earste Keamer op 4 en 5 desimber 2017. Fierder omtinken foar de mestfraude, glyfosaat, Sint Maarten en de politike striid yn Catalonië.

Argyf
Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)