14-03-2022 - Natoerûnderwiis Natoer is oeral om ús hinne en begjint gewoan al ast de doar útstapst. Natoer- en miljeu edukaasje sintrum De Klyster lit bern al 26 jier lang yn de kunde komme mei álle siden fan natoer en miljeu. It sintrum yn Damwâld wurdt sûnt 20 jier stjoerd troch Marjolein Staal fan Weidum. Om't wy FNP'ers sels graach mei beide fuotten yn de klaai steane, binne wy benijd nei it geheim achter dizze suksesformule en docht Staal ús út de doeken watfoar ympakt sa'n sintrum hat.