Logo FNP

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

Nijsbrief Folluk! simmer 2014

In nij ôfdielingsbestjoer en fersterking foar de riedsfraksje

Folluk !

It blêd fan de ôfdieling Ljouwert,  july 2014
FNP logo

In nije ôfdieling

It is al wer even lyn dat Folluk!, it ôfdielingsblêd fan FNP-Ljouwert, by de leden kaam. Dat wie jannewaris 2012. Yntusken binne we 2,5 jier fierder en der is yn dy tiid hiel wat bard. It noardlik part fan Boarnsterhim is by Ljouwert kommen en dêrmei ek de FNP-leden út dat gebiet. It bliuwt lykwols de ôfdieling Ljouwert, om't dat ek de namme fan de nije fúzjegemeente is. Yn it Hollânsk dan. Mei in nij 5-koppich bestjoer, 2 riedsleden en in stipefraksje fan 3 man ha we no de tried wer oppakt. Dêrby heart ek it geregeld ferskinen fan Folluk! om jim op de hichte te hâlden fan it riden en farren fan ús ôfdieling. Om't fierwei de measte leden in e-postadres hawwe, krije jim Folluk! tenei as digitale nijsbrief op it skerm. De minsken dy't noch net sa fier binne, krije de papieren Folluk! noch gewoan taastber yn de brievebus. 
 

 

Op de ledegearkomste fan 28 maart 2014 is in nij ôfdielingsbestjoer keazen.
Fan links nei rjochts: Klaas Johan Osinga - Ljouwert (ponghâlder), Nynke Beetstra - Grou (foarsitter), Nora Pratley - Goutum (algemien), Egbertjan Kroes - Ljouwert (pr) en Jantsje Heeringa - Ljouwert (skriuwer).


 

 

Yn de ried fan de nije gemeente Ljouwert is de FNP mei 2 minsken fertsjintwurdige. De fraksje wurdt stipe troch 3 skaadfraksjeleden.
Fan links nei rjochts: Pier Tilma - Ljouwert (fraksjefoarsitter), Klaas Wassenaar - Ljouwert (skaadfraksje), Lyda Veldstra-Lantinga - Grou (riedslid), Albert Seldenrust - Ljouwert (skaadfraksje) en Auke Kleefstra - Reduzum (skaadfraksje).

 

 

Bestjoer wol ôfdieling fersterkje
 

As bestjoer geane we fol enerzjy oan de slach yn ús nije ôfdieling. De bestjoeren fan sawol FNP-Ljouwert as FNP-Boarnsterhim hiene it de lêste jierren dreech fanwege in tekoart oan minsken. We binne der dan ek tige wiis mei dat we no wer in folslein bestjoer hawwe. We hawwe yntusken in pear kear byelkoar west om oer takomstige aktiviteiten te praten. Ek ha we in kear mei de fraksje en skaadfraksje om 'e tafel sitten. In pear saken wolle we op koarte termyn ekstra omtinken oan jaan. Om de ôfdieling sterker te meitsjen, ha we mear leden nedich. We ha no 87 en ús stribjen is om dêr 100 fan te meitsjen. Dêr kinne we jim stipe goed by brûke. Ek wolle we better sichtber wurde, sawol nei ús leden as nei bûten. Folluk, de webside, parseberjochten en de sosjale media binne de middels dy't we dêrfoar ynsette sille. Foar de bân mei de leden liket it ús fierder in goeie saak om in âlde tradysje fan FNP-Boarnsterhim yn eare te hâlden: it jierlikse lede-útstapke. FNP-Ljouwert moat in ôfdieling wêze dêr't men by hearre wol. Jim hearre noch fan ús! Mar earst winskje ik jim út namme fan it bestjoer allegear in moaie fakânsje.
 
Nynke Beetstra, foarsitter
 
Facebook
Facebook
Twitter
Twitter
Website
Website
 
  In fleanende start foar de fraksje yn de nije gemeente Ljouwert

Twa gemeenten bestjoerlik en finansjeel yninoar skowe, in begjin meitsje mei de trije desintralisaasjes as grutste taakferswierring ea yn gemeentelân en it ôfrûnjen fan it megaprojekt De Heak om Ljouwert. Wat is it moai dat yn dy bestjoerlike drokte de nije fraksje  fan de FNP-Ljouwert der frou- en manmachtich foarstiet.
Elke dei wol wat en gauris mear saken tagelyk. De ynset fan de listfolgers Albert, Auke en Klaas mei har spesifike kennis en ûnderfining is dêrby tige wichtich en wurdt o sa wurdearre. It FNP-lûd hat sa fan it begjin ôf oan te hearren west. By it grutte tal gearkomsten en ek yn de ried sels dêr't Lyda har oertsjûgjende lûd al gauris hearre litten hat.
Nei de simmer sil de Ljouwerter ried in nije wize fan wurkjen útprobearje. Elke moandeitejûn in soarte fan politike merk dêr't ûnderskate ûnderwerpen yn ferskillende fazen tagelyk oan de oarder komme. Wy kinne net oeral tagelyk wêze en dêrom sille Lyda en ik by dy nije wurkwize de ynset fan ús skaadfraksje gauris nedich hawwe.
It ôfrûne healjier ha wy drok west om as nije fraksje fan de FNP-Ljouwert ús draai te finen en de deistige saken nei te kommen. Nei it reses wolle wy as FNP-Ljouwert mear nei bûten ta sichtber wurde. Fia de sosjale media en parse mar ek mei iepenbiere temagearkomsten wolle wy besykje de FNP-Ljouwert in eigen gesicht te jaan yn it politike lânskip fan dizze gemeente. Om mei Auke syn wurden te sprekken: ‘wy wolle groeie en de kampanje begjint ien dei nei de ferkiezings'.
Mei út namme fan de fraksje wol ik jim in moaie simmer tawinskje.
 
Pier Tilma fraksjefoarsitter    
Copyright © | 2014 |FNP Ljouwert |

Mail adres is:
bestjoer.ljouwertfnp.frl
   
     


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)