Logo FNP

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

Fryslân: FNP: fragen oer stedsstrân Ljouwert

Wat is it effekt fan de provinsjale subsydzje foar it stedsstrân fan Ljouwert? En hoe stiet it no echt mei de wetterkwaliteit fan de Potmarge? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

Oanlieding foar de fragen fan de FNP is in útstjoering fan BNNVARA op de nasjonale TV-stjoerder NPO1, wêryn mei in iroanyske knypeach dochs in slim negatyf byld fan it stedsstrân delset wurdt.

 

Wetterkwaliteit

Wurdfierder Sybren Posthumus wol fan it Kolleezje witte hoe't it no stiet mei de wetterkwaliteit fan de Potmarge, dêr't it stedsstrantsje oan leit. Dat fanwege de melding yn it TV programma fan in wurdfierder fan it Wetterskip, dat it swimmen op dizze lokaasje ûntrieden wurdt. Dat om't der in rioeloerstoart neist leit. Gemeente, Provinsje en Wetterskip hawwe yn it ferline krekt miljoenen ynvestearre yn de wetterkwaliteit fan de Potmarge yn it projekt ‘De Blauwe Diamant'. Posthumus wol no witte oft dat allegear foar neat west hat.

 

Provinsjale subsydzje

De FNP wol ek witte oft it wier is dat der amper besikers komme nei it stedsstrân. ‘Hoe bepale jo it sukses fan in provinsjale subsydzje fan € 65.000? ‘ sa freget de wurdfierder him ôf. ‘Dan hawwe wy it noch net iens oer it jild (€ 35.000) dat de gemeente der ek noch yn stutsen hat. En is it wier dat in fergelykber strantsje yn de stêd Grins mar € 10.000 koste hawwe soe? Sa ja, dan lykje ús de kosten by de Potmarge tige heech yn fergeliking mei wat it opsmyt.'

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)