Logo FNP

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

Fryslân: FNP wol opheldering oer tekoart 11 miljoen Waddenglas

De FNP is der min oer te sprekken dat sa’n grut tekoart yn in bylage by de Jierrekken fermeld wurdt. Benammen ek as sjoen wurdt nei de grutte fan it bedrach. ‘Wie de ynformaasje net earder bekend by it Kolleezje fan DS?

Ljouwert - De Steatefraksje fan de FNP is ferbjustere oer in grut tekoart fan leafst € 11,1 miljoen by it projekt ‘Waddenglas'. Dat tekoart is oan de Steaten fan Fryslân presintearre yn de jierrekken 2016 fan de provinsje (by ‘Ferbûne partijen'). Dêrom wol de FNP sa gau mooglik opheldering oer de oarsaken fan de finansjele tsjinfallers by it projekt, de mooglikheden om it ferlies safolle mooglik te beheinen en de stappen dy't DS sette wolle.

 

De FNP is der min oer te sprekken dat sa'n grut tekoart yn in bylage by de Jierrekken fermeld wurdt. Benammen ek as sjoen wurdt nei de grutte fan it bedrach. ‘Wie de ynformaasje net earder bekend  by it Kolleezje fan DS? En sa ja, wêrom wurdt dat yn in bylage fan de Jierrekken fermeld op side 210 en net yn in separate notysje oan de Steaten?', sa freget wurdfierder Sybren Posthumus fan de Steatefraksje him ôf.

 

De FNP wol no dat de Steaten fan Fryslân sa gau mooglik bypraten wurde. Kinne wy bygelyks net direkt útstappe, no't de ferliezen hieltyd grutter wurde? Neffens de amtlike tsjinst fan de provinsje is de ynskatting ‘ dat de kans aanzienlijk is op volledig uitblijven van de gronduitgifte'. Omdat de provinsje foar ientredde part dielnimmer is fan Waddenglas (neist de gemeente Frjentsjerteradiel en de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland) sil it ferlies foar Fryslân by in ferlies fan € 11,1 miljoen delkomme op € 3,7 miljoen. ‘In grouwelich bedrach' neffens wurdfierder Posthumus.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)