Logo FNP

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands
10-01-2018 - Fryslân: FNP: wat betsjut ‘maximale vermindering' gaswinning Grinslân foar Fryslân?
Binne der neist De Pein noch mear yllegale gaswinningen yn Fryslân? Dat wie de fraach dy't de FNP stelde yn de Steaten fan 27 septimber. Wat is it gefolch foar Fryslân fan de ‘maximale vermindering' fan de gaswinning út it Grinzer fjild dêr't minister Wiebes oer praat nei oanlieding fan de resinte ierdbeving? De partij lûkt mei skriftlike fragen by deputearre Schrier oan de belle.

19-12-2017 - Fryslân: FNP: fragen oer nije fertraging breedbân ynternet
Nei oanlieding fan berjochten op de sites fan Telecompaper en VerbindDrenthe wol de FNP witte oft it kloppet dat de oanlis fan fluch ynternet yn Fryslân opnij fertraging oprint

15-12-2017 - Ljouwert: Praathûs FNP op 15 decimber 2017
Woansdei 15 decimber o.s. sil it 9e praathûs fan de
FNP fraksje plakfine.

13-12-2017 - Fryslân: Frijbûtser fan desimber no online - Nijjiersgearsit 6 jannewaris De Rottefalle
De FNP-ôfdieling Smellingerlân organisearret dit kear de nijjiersgearsit. Yn dit nûmer fierder it ferslach fan de ALG op 24 novimber en in soad oar nijs út de partij.

07-12-2017 - Fryslân: Algemiene Skôgings OSF-FNP senator Hindrik ten Hoeve
Wol it nije kabinet dat de Provinsje weryndielingen trochdrukt tsjin it sin fan lytse gemeenten? Dy fraach stelde Ten Hoeve by de Skôgings yn de Earste Keamer op 4 en 5 desimber 2017. Fierder omtinken foar de mestfraude, glyfosaat, Sint Maarten en de politike striid yn Catalonië.

06-12-2017 - Fryslân: OSF tiidskrift Locomotie no online
Yn dit nûmer in grut fraachpetear mei FNP'er Durk Stoker as nije foarsitter fan de Onafhankelijke Senaatsfractie: 'Het begint allemaal met een heldere visie.'

19-11-2017 - Fryslân: FNP: kompinsaasje BTW-ferheging op drinkwetter fia fermogen Vitens
Drinkwetter is in earste libbensferlet en moat foar alle ynwenners fan Fryslân betelber bliuwe. It nije kabinet is no fan doel de BTW op earste libbenferlet te ferheegjen fan 6% nei 9%. De FNP wol dat neigongen wurdt oft it fermogen fan Vitens - leafst € 526 miljoen - brûkt wurde kin om dy BTW-ferheging te kompinsearjen.

16-11-2017 - Fryslân: FNP fragen oer takomst soarchfersekerder ‘De Friesland'
Wat binne de gefolgen foar it provinsjaal belied no't soarchfersekerder De Friesland as selsstannich bedriuw ferdwynt? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjiroer fragen oan Deputearre Steaten. Beslissingsfoech en wurkgelegenheid moatte yn Ljouwert bliuwe, fynt de partij.

16-11-2017 - Fraachpetear fan omrop LEO mei listlûker Jan Willem Tuininga

16-11-2017 - Fryslân: FNP fragen oer takomst soarchfersekerder ‘De Friesland'
Wat binne de gefolgen foar it provinsjaal belied no't soarchfersekerder De Friesland as selsstannich bedriuw ferdwynt? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjiroer fragen oan Deputearre Steaten. Beslissingsfoech en wurkgelegenheid moatte yn Ljouwert bliuwe, fynt de partij.

15-11-2017 - Adfertinsje FNP Ljouwert yn de Huis aan Huis
De adfertinsje mei de spearpunten fan de FNP Ljouwert yn de Huis aan Huis van woansdei 15 novimber 2017. Stim FNP!

15-11-2017 - Ljouwert: Praathûs FNP op 15 novimber 2017
Woansdei 15 novimber o.s. sil it 8e praathûs fan de
FNP fraksje plakfine.

14-11-2017 - Diskusje polityke partijen yn Weidum mei Hinke Roorda fan de FNP
Us Hinke die it tige goed yn de diskusje op útnoeging fan Nij Baarderadiel. As fraksjefoarsitter fan de FNP Littenseradiel wie hja fansels it bêst op de hichte wat dêr spilet.

14-11-2017 - Fraachpetear fan omrop LEO mei Lyda Veldstra
Op tiisdei 14 novimber hat Lyda Veldstra in fraachpetear oer de ferkiezings hawn mei Omrop LEO. As jo op de link ôfspylje hjirûnder klikke kinne jo it nochris hearre.

11-11-2017 - Ljouwert: FNP fraksje stelt fragen oer beskikberens fan fytsestallings
De FNP fraksje hat skriftelike fragen oan B&W steld oer it tal en de iepeningstiiden fan bewaakte fytsestallings yn de binnenstêd.

Argyf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)