Logo FNP

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands

FNP Ljouwert

Frysk | Nederlands
22-09-2017 - Fryslân: FNP fragen oer befoardering Fryske Literatuer
Wurdt it literêre fjild no belutsen by takomstige promoasje fan Fryske boeken? Hoe stiet it mei it plan fan de Afûk foar in nij promoasje- en ferkeapplan? Komt der noch wer in Frysk boekefeest? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

20-09-2017 - Ljouwert: woansdei 20 septimber o.s. sil it 7e praathûs fan de FNP fraksje plakfine.
Woansdei 20 septimber 2017 fan 15.30 - 17.30 oere binne jo/jimme
wolkom yn Grand Café " De Friesche club " , Ruiterskwartier
57, 8911 BP Ljouwert.

18-09-2017 - Fryslân: Frijbûtser fan septimber 2017 no online
'Freonen, wy moatte allegearre mei-inoar oan ’e bak!' Dat sei fraksjefoarsitter Corlienke de Jong by de start fan it politike seizoen op 1 septimber yn Wommels. Lês mear oer dizze aktiviteit yn de nije Frijbûtser.

15-09-2017 - Fryslân: FNP: fragen oer stedsstrân Ljouwert
Wat is it effekt fan de provinsjale subsydzje foar it stedsstrân fan Ljouwert? En hoe stiet it no echt mei de wetterkwaliteit fan de Potmarge? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

13-09-2017 - Fryslân: FNP sprekt NL-regear oan op referindum Kataloanje
De Spaanske steat moat ophâlde mei it skeinen fan minskerjochten en fan it frustrearjen fan it demokratysk proses mei in referindum yn Kataloanje. De Steatefraksje fan de FNP hat dêroer in brief skreaun oan minister Koenders fan útlânske Saken.

04-09-2017 - Fryslân: TV dokumintêre It Fryske Wetter
Wetterskip Fryslân hat fan't simmer mei Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân in ynhâldlike en finansjele bydrage levere oan in ferfolchôflevering fan de searje 'Wildernis onder water' fan de NPO: 'It Fryske Wetter'.

01-09-2017 - Fryslân: Fyzje nedich op in duorsum enerzjybelied
Klaas Fokkinga en Henk de Vries - De provinsje Fryslân arbeidet mei ferskate gemeenten oan in ‘Fryske enerzjy stratezjy'. In poerbêst plan om taret te wêzen op de jierren nei 2020. Mar der is mear nedich foar in duorsum enerzjybelied.

28-08-2017 - Fryslân: FNP'er Jabik van der Bij nimt ôfskied as foarsitter OSF
'Je moet altijd boven de partijen staan'. Dat seit Jabik van der Bij yn de nije Locomotie. It tiidskrift fan de Onafhankelijke Senaatsfractie jout rom omtinken oan de skiedend foarsitter mei in wiidweidich fraachpetear.

14-08-2017 - Fryslân: FNP: Brok nei topoerlis Friesenbrücke yn stee fan Paas?
Lit de Fryske kommissaris fan de Kening Brok oanskowe by it topoerlis 28 augustus yn Bonn oer it weropbouwen fan de Friezenbrücke oer de Ems. Dat stelt de FNP út no't it der op liket dat de Grinzer kommissaris Paas net beskikber is dy deis fanwegen de fiering fan Gronings Ontzet.

24-07-2017 - Fryslân: Simmerfakânsje 2017
Yn ferbân mei it simmerreses binne it Partijhûs en de fraksjekeamer op it Provinsjehûs ticht. Wy geane op 4 septimber wer iepen.

21-07-2017 - Fryslân: Kâns net slûpe litte op oankeap natuergrûn Achtkarspelen
De Provinsje moat syn foarrangsposysje opeaskje by de oankeap fan perselen foar nije natuer yn Achtkarspelen-Súd. Dat wol steatelid Wopke Veenstra fan de FNP berikke mei skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. Oanlieding is de frije ferkeap fan oerbleaune perselen yn it gebiet troch it Ryk .

19-07-2017 - Fryslân: Hannen ôf fan Schilkampen
De FNP en de Partij voor de Dieren wolle net dat der in fargeul dwers troch natuergebiet Schilkampen yn Ljouwert oanlein wurdt. In gebiet hat in grutte rykdom fan fûgelsoarten en der húsmannet in grutte koloanje fan briedende kobben (kokmeeuw). Dat makket it gebiet unyk yn de stêd.

14-07-2017 - Fryslân: FNP wol opbringsten ferkearskontrôles brûke foar ferbetterjen feiligens
De FNP wol dat it jild dat fertsjinne wurdt mei trajektkontrôles en flitspeallen op provinsjale Fryske diken net ferdwynt nei Den Haach. Yn de eagen fan de FNP soenen de opbringsten fan dy ferkearskontrôles krekt ynvestearre wurde moatte yn de feiligens fan de eigen provinsjale wegen. De systematyk om mei ferkearskontrôles de steatskas te spekken moat ophâlde, fynt de Steatefraksje.

11-07-2017 - Fryslân: FNP: ynternasjonale oanpak guozzeskea
De oanpak fan de guozzeskea moat op de lange termyn komme troch ynternasjonale gearwurking. Spesifike maatregels foar de winterguozzen binne dêrby foar Fryslân it wichtichste. Dat stelt de fraksje fan de FNP mei in moasje yn Provinsjale Steaten.

06-07-2017 - Fragen FNP Ljouwert oan it kollege fan B&W oer de oerlêst en fertraging fan it wurk oan de tagongswei fan Reduzum
FNP Ljouwert hat oan it kollege fan B&W opheldering frege oer de oerlêst en fertraging fan it wurk oan de tagongsdyk fan Reduzum. De minsken moatte bûten it doarp parkeare, ek op plakken wêr it einliks net past. Boppedat is it, foaral bij wiet waar, in grutte baggerboel.

Argyf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)